• Sneek
  • MBO 3/4
  • 300,- p/m
  • 40 uur
  • Stagiaire
  • 2 maanden geleden
Solliciteer direct

Stagiair Start People

Over de functie

Wolsto staazje rinne by it leukste bedriuw fan Snits? Lês dan gau fierder…
Wy sykje in nije stazjêr(e) fan febrewaris 2023 ôf.

Dyn dei begjint om healwei njoggenen, do begjinst mei it opstarten fan dyn kompjûter en pakst in lekker kopke kofje as tee. Do giest drekt sjen hokker sollisitaasjes oft binnenkaam binne en besjochst de CV’s. Om njoggen oere nimst, tegearre mei dyn kollega’s, diel oan it moarnsoerlis dêr’t alle wichtige saken yn besprutsen wurde. Jim beprate wêr’t aksje op komme mat, wa’t de aksje útfiere sil en notearje it op de askjelist. Nei it moarsnoerlis giest oan‘e slach mei dyn eigen taken. Dêrneist stypest dyn kollega’s, as it nedich is. As stazjêr(e) bisto in folweardich lid fan it team en kinst folslein meidraaie as yntersedint. Om fiif oere slútst dyn kompjûter ôf en soargest der mei dyn kollega’s foar dat jimme it kantoar netsjes efter litte.

De taken dy ‘tsto as stazjêr(e) útfiere kinst:

  • Recruitment;
  • It fieren fan intake-petearen;
  • It matchen fan kandidaten mei fakatueres;
  • Ynwinnen fan referinsjes;
  • Kontakt ûnderhâlde mei kandidaten;
  • Administratieve wurksumheden, lykas it ynboeken fan wurke oeren, gegevens yn de systemen ynfiere, dossierkontrôle;
  • It ôfhanneljen fan e-mail;
  • Behearen fan de social kanalen;
  • It ôfhanneljen fan tillefoanferkear.

Wat bieden wij jou?

Wy biede dy in learsume en aardige staazje dêr‘tst de romte en frijheid yn krijst om dysels te ûntwikkeljen. Dêrneist biede wy dy:

  • In staazjefergoeding fan €300 yn‘e moanne;
  • In plak yn in leuk en dynamysk team;
  • Genôch romte en begelieding foar it útfieren fan dyn skoalopdrachten;
  • In hiel gesellich team!
    Snits is goed berikber fanút Ljouwert, Drachten of Hearrefean.

Bist entûsjast wurden? Nim dan gau kontakt mei ús op!

Wat vragen wij?

Do bist in entûsjaste studint dy‘t inisjatyf doart te nimmen. Do kinst goed selsstannich wurkje, mar ek yn teamferbân en do hast in iepen hâlding. Dêrneist:

  • Bisto minimaal 20 wiken, 40 oeren yn’e wike beskikber (fan febrewaris 2023 ôf);
  • Do bist in MBO 4 of HBO studint;
  • Kinst oarder hâlde en prioriteiten stelle;
  • Stiest iepen foar nije dingen.

Over de werkgever

Do silst staazje rinne by Start People Snits. Start People is ien fan de grutste útstjoerburo’s fan Nederlân. Wy bemiddelje tusken flekskrêften en klanten, wy bringe se byinoar en stypje ús klanten op it mêd fan werving en seleksje.

Do komst telâne yn in lyts, jong en gesellich team fan trije kollega’s. De sfear is ynformeel en humor tige wichtich. Alle middeis wurdt der by it skoft in spultsje spile en freeds wurdt de wike ôfsletten mei in freedtemiddei slokje. Suksessen moatte fierd wurde, dus der wurdt ek geregeld in stikje gebak iten!